LÊS MAR FOAR!

Fan 9 o/m 27 sept. 2024 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken!

Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen?

Foar de pjutte-opfang

It Tomke-boekje

Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt alle jierren in nij giel Tomke-boekje, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes oer Tomke en syn freontsjes. It tema fan 2024 is 'eigenwiis' en slút dêrmei oan op dat fan de berneboekewike. Mei de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfanglokaasjes, by bernesintra, gastâlden, yn de biblioteek en op it konsultaasjeburo. Der is ek in Stellingwerfske, in Bildtske en in Franeker ferzje fan it Tomke-boekje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Tomke op tomke.frl.

Hoe kinne wy meidwaan?

Alle pjutte- en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân én gastâlden dy’t har opjûn ha, krije de nije Tomke-boekjes oan it begjin fan de Lês-mar-foar-wiken besoarge, yn 2024 is dat yn de wike fan 2 septimber. Sy kinne dêrút foarlêze (litte) en de boekjes dêrnei oan de pjutten mei nei hûs jaan.

Sjoch hjir foar de ferspriedingslist. Bisto gastâlder en wolst ek meidwaan? Stjoer in mailtsje nei ynfo@tomke.frl mei dyn namme, adres en it tal bern op dyn opfang. Ek wizigingen kinne trochjûn wurde fia dit e-mailadres.

Foarlêsaktiviteiten
 
Mei de Lês-mar-foar-wiken lêze jimme it boekje foar op jim groep(en). Hoe’t jim dat dogge, meie jim fansels hielendal sels witte. Ien ferhaaltsje útsykje, alle dagen ien ferhaaltsje, of in hiele temawike mei alderhande aktiviteiten om it boekje/it Frysk/Tomke/it tema hinne... Meitsje der wat moais fan!

Jim kinne sels foarlêze, mar it leukst is it as der in spesjale foarlêzer fan bûten komt, bygelyks in boargemaster, in bekende Fries of in pake/beppe. Tagelyk mei de Tomke-temaboekjes krije jim in foarlêspakketsje mei posters om op te hingjen yn de Lês-mar-foar-wiken en lesbrieven mei foarlêstips foar de foarlêzer. 

Foar SKOALLEn

It Keimpe-boekje

Keimpe de Krokodil hâldt fan Frysk lêzen! Keimpe stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, foar bern fan 4-8 jier en wol bern, âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen.

Mei de Lês-mar-foar-wiken is Keimpe syn nije lêsboekje fergees te krijen yn de biblioteken fan Fryslân. De basisskoallen krije it boekje en de byhearrende lêsbrief fergees tastjoerd, sadat sy dêr mei de Lês-mar-foar-wiken út foarlêze kinne.

Meidwaan oan de Lês-mar-foar-wiken

Alle basisskoallen krije foarôfgeand oan de Lês-mar-foar-wiken in Keimpe-boekje tastjoerd mei ferhaaltsjes en spultsjes oer Keimpe de Krokodil en syn freontsjes, mei itselde tema as dat fan de berneboekewike.

Oan de slach mei moaie Fryske (foar)lêsboeken!

By in tal moaie Fryske (foar)lêsboeken dy’t passe by it tema fan de Lês-mar-foar-wiken binne tips, aktiviteiten en suggestjes ûntwikkele om mei dizze boeken oan ’e slach te gean. Doch de 'rommelbingo', meitsje in skelterbaan of sjong mei-inoar in moai ferske!

- Wat in rommel!
- De Grutte Griene Grizel
- Skelte wol in skelter

Foar THÚS

Foarlêze

Foarlêzen, dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle fersterket de bân mei dyn bern. En bern dêr’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen.

Op telefyzje

Op tsjil.omropfryslan.nl binne alle aventoeren fan Tomke en 4 printeboekfilmkes te besjen. En op Tjitsfloch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út de Tomke-boekjes te hearren!

De lês-mar-foar-bus

Mei de Lês-mar-foar-wiken ride der dit jier in echte Tomke&Keimpe-bus troch Fryslân! Yn dy perioade koedest de bus, dy’t troch Arriva omtovere wie ta in foarlêsbus, samar ergens tsjinkomme. Ek hat de foarlêsbus by ferskate pjutteplakken en skoallen west, wêrby't de bern yn de bus foarlêzen waarden troch de bussjauffeur. Wat in feest, it wie in grut sukses!

Yn de biblioteek

Om de Lês-mar-foar-wiken hinne is it altyd feest yn de biblioteek mei ferskate foarstellingen. Dit jier sille Janneke Brakels en 'Het Muziekbeestje' wer sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten en kin der mei Willy van Assen fan Danswil lekker dûnse wurde. Ek komme der dit jier nije foarstellingen foar bern fan de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis! Mei de Lês-mar-foar-wiken binne it Tomke-boekje en it Keimpe-boekje fergees op te heljen yn de biblioteek. Bern oant 18 jier kinne fergees lid wurde fan de bibliotheek!

boeketips

De boeken binne te bestellen fia de Afûk websjop én fergees te lienen yn de bibliotheek!
Wolst op ’e hichte bliuwe fan de bêste Fryske boeketips foar bern op de basisskoalle? Dat kin mei de lêstip fan Keimpe!

It Lês-mar-foar-projekt

It Lês-mar-foar-projekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke- en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.

Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. www.taalplan.frl.